Soarchlokaasjes De Feanhoop en It Fean oernommen

02 aug 2016 - 10:41

De soarchlokaasjes Utsicht op De Feanhoop en Het Zetveld op It Hearrenfean hawwe in oare eigener. Beide binne oernaam troch soarchynstelling Connecting Hands. Dy krijt troch de oername foar it earst ek lokaasjes foar beskerme wenjen foar jongeren en folwoeksenen mei psychiatryske problemen.

Connecting Hands hie yn Noard-Nederlân al wol ynstellings foar oare soarten soarch. It personiel fan De Feanhoop en op It Hearrenfean giet mei oer nei de nije eigener.

Trefwurden: 
soarch Connecting Hands
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)