Ekstra treinen nei skûtsjesilen Starum

02 aug 2016 - 10:06

Ferfierder Arriva set komende sneontemiddei yn ferbân mei it skûtsjesilen op de Iselmar by Starum ekstra treinen yn tusken Ljouwert en Starum. Derneist wurde der ek langere treinen ynsetten.

De twa ekstra treinen slute oan op de begjin- en eintiid fan it evenemint. Mocht it skûtsesilen ôflast wurde, dan ride treinen fia de gewoane tsjinstregeling.

Trefwurden: 
trein Arriva skûtsjesilen
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)