Oprop stichting Red de Sionsberg

Stichting Red de Sionsberg docht in oprop oan de kliïnten fan it Dokkumer sikehûs om just no it sikehûs te stypjen. De soarch wurdt neffens de stichting gewoan betelle, nettsjinsteande dat soarchfersekerder De Friesland it kontrakt mei it sikehûs opsizze wol. Neffens Anke Bijlsma fan de stichting kin dat net iens, om't it soarchplan dat ferline jier yntsjinne waard oan alle kriteria foldocht. Neffens Bijlsma leit de pine by de soarchfersekerder benammen by it sukses fan it wellnesssintrum by it sikehûs. ''It giet om jild en macht'', seit se.
Sy sei dat by de gearkomste moandeitejûn. Op De Friesland nei, hawwe alle oare partijen harren stipe útsprutsen foar it sikehûs. De Twadde Keamerfraksje fan de SP sil hjoed keamerfragen stelle.
Ek wethâlder Pytsje de Graaf fan de gemeente Dongeradiel is striidber en neamt it beslút fan De Friesland foarbarich. Se wol der mei oare gemeenten yn de regio alles oan dwaan om it beslút fan de soarchfersekerder werom te draaien.