Trije bekeurings lânbouferkear

By kontroles fan lânbouferkear hat de plysje de ôfrûne twa wiken trije bekeurings en 55 warskôgingen útdield, omdat de sjauffeurs de saken net foar elkoar hiene. Dan gie it foaral om skerpe dielen fan trekkers of lânbou-ark dy't net ôfskerme wiene of om stikkene ferljochting.
De plysje kontrolearret it lânbouferkear by 't maaitiid en hjerst ekstra streng, omdat dat dan in soad op de dyk is. Dat der amper boetes útdield binne foar de oertredings, is fanwege de cao-aksjes fan de plysje.