De Friesland praat yn septimber fierder mei Sionsberg

It opsizzen fan it kontrakt mei Sionsberg betsjut net dat De Friesland net mear fierder wol mei it Dokkumer sikehûs. Dat seit bestjoersfoarsitter Bert van der Hoek fan De Friesland.
De soarchfersekerder sil yn septimber wer mei alle belutsen partijen prate, mei as ynset it opsetten fan in sintrum foar saneamde 'anderhalvelijnszorg'. Sa'n sintrum is troch de tige muoisume gearwurking tusken de ferskate partijen noch net goed fan de grûn kaam. De Friesland sil dêrom fan septimber ôf mei alle belutsen partijen apart prate.