De Friesland: "Gearwurking by Sionsberg giet muoisum"

In muoisume gearwurking tusken de partijen belutsen by de soarch yn Sionsberg is foar soarchfersekerder De Friesland reden ta opsizzen fan it kontrakt mei it Dokkumer sikehûs.
De Friesland seit dat der gjin goede gearhing yn de soarch fan it sikehûs is. De neidruk leit te folle op it ûntwikkeljen fan polyklinyske funksjes sa't dy der yn it ferline ek wienen. Bestjoersfoarsitter Bert van der Hoek seit dat Sionsberg him dêrmei net hâldt oan de ôfspraken dy't makke binne oer it soarchoanbod.
Neffens him soe de húsdokter de haadbehanneler wêze moatte, en dat bart te min yn Dokkum. De Friesland seit derfoar te soargjen dat bewenners út de regio goede en foldwaande soarch hâlde sille.
Sionsberg reagearre earder ferbjustere op it nijs en oerwaget juridyske stappen as De Friesland it kontrakt opseit.