ING: wenwinkel fernimt krisis

01 maaie 2012 - 21:26

Konsuminten jouwe folle minder út oan it opknappen en ynrjochtsjen fan har hûs. Dat docht bliken út sifers fan de ING. Boumerken en doch-it-selswinkels seagen har ferkeapen sûnt 2008 mei in sechde weromrinnen, sa seit de bank. By meubelsaken wie dat mei in fyfde.

Fryske winkels ûnderskriuwe it byld. By Hout van Bob yn Ljouwert gie de omset sûnt 2008 mei sa'n fiif oant acht prosint per jier nei ûnderen. By Jan de Jong Interieur merke se de delgong noch net yn de sifers. Wol is it sûnt dit jier rêstiger yn 'e winkel.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)