Boer besiket opnij ûntsnapte bargen by Nijhoarne te fangen

Boer Jongsma en syn soan besykje moandei om de twa by Nijhoarne ûntsnapte bargen wer te fangen. De bargen waarden moandeitemoarn betiid sinjalearre by de Moskou-pleats by Nijhoarne en skarrelje no om yn natuergebiet It Ketliker Skar fan It Fryske Gea.
Om se te fangen, wolle de eigeners in amer mei fretten delsette. As de bisten yn de buert binne, wurde der stekken delsetten om de bargen sa yn te sluten.
Publyk op ôfstân
Distriktshaad Ane Zylstra fan It Fryske Gea besiket om publyk en media op ôfstân te hâlden, sadat de eigeners de twa bearen (it giet om manlike bargen) yn alle rêst ynslute en fange kinne. De bargen kinne op himsels net in in soad kwea yn de natuer, mar se ferwrotte de kuierpaden wol.