Mear romte terrassen Opsterlân

Gemeente Opsterlân
De gemeente Opsterlân wol mear terrassen mooglik meitsje yn de doarpen. Dêrom sil it kolleezje fan boargemaster en wethâlders de APV sa oanpasse, dat it makliker is om terrassen yn it iepenbier gebiet op te setten of út te wreidzjen. Neffens it kolleezje is der in soad fraach nei en is it goed foar it toerisme. Fierder hoecht der aanst gjin relaasje mear te wêzen tusken in terras en hoarekabedriuw. Eltsenien mei in terras iepenje. Der mei lykwols gjin sprake wêze fan oerlêst. De nije regels jilde allinnich yn de beboude kom.