Arriva set spesjale bussen yn foar besikers fan Snitswike

© Omrop Fryslân
Arriva set spesjale bussen yn foar besikers fan de Snitswike. Reizgers kinne alle dagen, tusken 5 en 14 augustus, mei de bus fan it stasjon nei de Snitser Mar reizgje. In ritsje fan it stasjon yn Snits nei de Snitser Mar kostet 2,50 euro.
Dêrneist hat Arriva dy wike ek in spesjaal taryf (7,50 euro) foar trein- en busritten nei oare lokaasjes yn Fryslân. Hjirfoar moatte je in apart e-ticket keapje.