Earste Fryske doarpetop fynt plak yn WTC Expo yn Ljouwert

01 aug 2016 - 10:18

De Fryske Doarpetop dy't op 5 novimber holden wurdt, fynt plak yn it WTC Expo yn Ljouwert, sa hat de organisaasje bekend makke. Op de doarpetop sille 1000 Friezen mei elkoar prate oer de takomst fan it Fryske plattelân.

De organisaasje hat as lokaasje foar it WTC Expo keazen fanwegen de sintrale lizzing en de goeie berikberens. Ek is der genôch romte om yn groepkes fan 8 oant 125 tafels te sitten. It is foar it earst dat der sa'n boargertop provinsjebreed plakfynt.

Doel is om út te sykjen wat de doarpen wichtich fine en om boargers en oerheid tichter by elkoar te bringen.

Trefwurden: 
doarpetop Ljouwert WTC Expo
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)