Grutte himmelaksje set útein op strân fan Skiermûntseach

01 aug 2016 - 07:05

Hûnderten frijwilligers begjinne moandei mei it oprêden fan de Nederlânske Noardseekust. Der hawwe har mear as 1500 frijwilligers oanmelden, mar de organisaasje Stichting De Noordzee ferwachtet noch wol mear minsken.

De frijwilligers wurkje de kommende wiken fan Skiermûntseach en Cadzand ôf rjochting Zandvoort om ôffal op te rêden. Op 14 augustus moat it wurk klear wêze. Ferline jier hellen goed 2000 frijwilligers goed 11.000 kilo ôffal op.

Neffens de organisaasje lizze der op 100 meter strân gemiddeld 380 stiks ôffal. Goed 90 prosint dêrfan is plestik. As dat yn see komt, kinne bisten dêr fêst yn reitsje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)