Auto rydt mei hege snelheid rjochttroch op Jouster rotonde

Sneintejûn is in auto mei hege snelheid rjochttroch riden op de Jouster rotonde. De auto kaam út de rjochting fan Snits. Yn plak fan de rotonde op te riden ried de auto rjochttroch nei it middenterrein en bedarre dêr yn it wetter.
De helptsjinsten wiene gau oanwêzich op it plak fan it ûngelok. Sy seagen dat de man allinnich yn de auto siet en koene ek gau kontakt mei de bestjoerder lizze. De man is mei de ambulânse nei it sikehûs brocht. De plysje ûndersiket hoe't it ûngelok barre koe.