Ballonfeesten wolle ek festiviteiten yn Jouster sintrum

31 jul 2016 - 21:23

De Jouster ballonfeesten wolle takommend jier noch mear as no de bannen mei de Jouster ûndernimmers oanhelje, troch ek aktiviteiten yn it Jouster sintrum te organisearjen. De 30 jier âlde ballonfeesten hawwe in nasjonale útstrieling, mar wolle tagelyk ek graach de bân mei de streek ferstevigje. It evenemint wol ek mear ynsette op kultuer om sa yn 2018 oansluting te krijen by de Kulturele Haadstêd.

De 30e edysje fan it feest dy't snein ôfsletten waard is neffens foarsitter Jelsma tige slagge. Alle ballonnen koene omheech.

Ek hoegde de aktiviteiten net ien kear skrast te wurden en dat wie by eardere edysjes wolris oars. De feesten lutsen sneontejûn de measte besikers. Neffens de organisaasje wiene de ballonfeesten fan dit jier de bêst besochte edysje fan dizze iuw oant no ta.

Trefwurden: 
ballonfeesten De Jouwer
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)