Beropsmilitêr fertocht fan mishanneling op Wurdumerdyk

31 jul 2016 - 16:49
Foto: Omrop Fryslân

De plysje moast sneintemoarn betiid yngripe by in fjochtpartij op de Wurdumerdyk yn Ljouwert en twa jonge manlju útinoar helje. It die hjirby bliken dat in 19-jierrige Ljouwerter oan syn holle ferwûne rekke wie. De twadde fjochtersbaas, in 23-jierrige Ljouwerter, waard oanhâlden as fertochte.

Omdat it om in beropsmilitêr giet wurdt it ûndersyk yn de saak oernommen troch de Keninklike Maresjaussee.

Trefwurden: 
militêr bernemishanneling
(Advertinsje)
(Advertinsje)