Ljouwerter wegeret om ynstelling te ferlitten

31 jul 2016 - 16:08

In 27-jierrige Ljouwerter wegere sneontejûn om in ynstelling oan de Oostergowei te ferlitten, alhoewol't him dit hiel dúdlik frege wie. Doe't de plysje kaam om de man nei bûten te begelieden waard dy troch de man misledige.

De man waard oanslutend oanhâlden. Hy mei him yn oktober foar syn gedrach ferantwurdzje op de Ljouwerter rjochtbank.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)