Genôch jild ophelle foar sinnepark Harns

31 jul 2016 - 14:32

De crowdfundingsaksje om by Harns in sinnepark te bouwen is in sukses. Dizze wike waard de lêste 50.000 euro ophelle, wêrtroch't de teller op rom 300.000 euro komt. Dat bedrach wie ek nedich om it sinnepark te bouwen.

Op dit stuit hawwe mear as 350 dielnimmers harren ynskreaun foar it projekt. Minsken kinne meidwaan troch sinnepanielen te keapjen. Dy leverje enerzjy oan it net, de opbringst is foar de keaper. Mei in ferwachte redemint fan sa'n trije prosint is dit foar in soad minsken oantrekliker as jild op de bank sette.

Ek binne der minsken dy't de panielen keapje as duorsum kado foar pake- en beppesizzers. Nei 16 jier krije de dielnimmers harren ynlis werombetelle.

It sinnepark wurdt boud oan de Fahrenheitstrjitte yn Harns. Hjir moatte op in terrein fan hast 18.500 fjouwerkante meter goed 3500 sinnepanielen komme. Dy produsearje yn it earste jier mear as ien miljoen kWh.

De crowdfundingsaksje rint sûnt 2 july en slút op 31 augustus.

Trefwurden: 
sinnepark Harns crowdfunding
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)