Fryske silers wrâldkampioen Vaurienklasse yn Portugal

31 jul 2016 - 11:19

Yn it Portugeeske Viana do Castelo binne de Fryske silers Michiel Sickler en Kristy de Leeuw wrâldkampioen silen yn de Vaurienklasse wurden. Sickler komt fan De Jouwer en De Leeuw fan De Broek. Nei in stabile searje en nettsjinsteande in wedstriid dêr't se net yn finishe koene binne se wrâldkampioen wurden.

Mei tsien Nederlânske teams yn in fjild fan 87 boaten út de hiele wrâld wie de konkurrinsje sterk.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)