Ferrassende winners op fierljepmanifestaasje It Heidenskip

Erwin Timmerarends fan Montfoort wûn sneontejûn mei in ôfstân fan 20.46 de nasjonale fierljepmanifestaasje op It Heidenskip. It sulver en it brûns gie ek nei Hollân. Laurens Lekkerkerker sprong 19.62, in nij PR. Jaco de Groot waard tredde yn 19.32. Beste Fries waard Oane Galama (19.20).
Bobby Zwaagman fan Drylts wie de sterkste junior mei 17.68 meter. By de froulju gie de titel ferrassend nei Klaske Nauta fan Drylts mei 15.62 meter. By de famkes wûn Sigrid Bokma fan Hylpen. Sy sprong mar leafst 15.85 meter, fierder as de fierste frou.
Dy sprong wie fuortendaliks in nij skânsrekôr. By de jonges giene alle prizen nei de Hollanners. De nasjonale fierljepmanifestaasje is in iepen Nederlânsk kampioenskip. Der wiene mei-inoar in pear hûndert dielnimmers dy't har sneon oerdei kwalifisearje moasten. De finales wiene sneontejûn. De NFM luts in soad publyk. De fierljeparena fan It Heidenskip wie mei 1500 taskôgers ôfladen fol.