Plysje nimt speedboat yn beslach, skipper naait út

30 jul 2016 - 18:40

Nei in wylde achterfolging by Terherne hat de wetterplysje sneontejûn in speedboat yn beslach nommen. De skipper fan de speedboat wachte de plysje net ôf, mar naaide op de wâl út.

De plysje sette de achterfolging yn omdat de speedboat fierstende hurd gie en dêrtroch foar gefaarlike situaasjes op it wetter soarge. De eigener meldde him nei in heal oerke by de plysje. De plysje stelt fierder ûndersyk yn nei de mooglike oertredings mei de speedboat.

Trefwurden: 
speedboat wetterplysje
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)