Drachten On The Beach los mei twa strannen

30 jul 2016 - 15:14

It sintrum fan Drachten stiet fan sneon ôf twa wiken lang yn it teken fan Drachten On The Beach. In wike koarter as de twa eardere edysjes, mar wol mei in foller programma. Der is ûnder oare wer in strân en in swimbad en de besikers kinne ek swimme yn de Drachtster Feart.

Drachten On The Beach moat fral gesellich wêze, mar is ek bedoeld foar de minsken dy't net op fakânsje geane. Njonken it strân by it kariljon is der ek noch in twadde strân by it Museumplein. Doelstelling op termyn is dat it hiele sintrum fan Drachten On The Beach is.

Trefwurden: 
Drachten On the Beach
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)