Ferskate boetes by plysjekontrôles op it wetter

Wetterplysje (stockfoto) © Omrop Fryslân
De plysje hat freed op it wetter yn de buert fan Grou en De Feanhoop ferskate kontrôles hâlden. Fan de 63 skippers dy't in blaastest dwaan moasten wie der net ien dy't tefolle alkohol dronken hie. Wol waarden der fiif boetes útskreaun foar te hurd farren. Fierder krige in fisker in boete omdat hy gjin fergunning hie. En mei opfarrenden fan ferskate feestboaten dy't ûnderweis wiene nei De Feanhoop binne ôfspraken makke om lûdsoerlêst foar te kommen. De muzyk mei allinnich te hearren wêze op de eigen boat.