Feanhoop Festival: 65ste edysje úteinset

29 jul 2016 - 22:18

De Feanhoop stiet dit wykein yn it teken fan de 65ste edysje fan it Feanhoop Festival. Besikers kinne fan freed oant en mei moandei genietsje fan in fol programma mei ûnder oare Within Temptation, Di-Rect en de Hûnekop.

It festivalterrein is troch de organisaasje flink ûnder hannen naam en de catering is útwreide. It festival hopet dêrmei yn te spyljen op de hjoeddeiske easken fan de besikers. Jan Feikema fan de organisaasje hopet sa'n trijetûzen minsken ferwolkomje te meien.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)