Cambuur ferliest oefenwedstriid fan Asteras Tripolis

29 jul 2016 - 21:05

SC Cambuur hat freedtejûn de oefenwedstriid tsjin it Grykske Asteras Tripolis mei 3-1 ferlern. De Ljouwerters wienen benammen de earste helte in maat te lyts. Nei in dekkingsflater êfteryn sette Ionnidis Nikos de Griken nei 5 minuten spyljen op 0-1. Twa minuten wie it wer raak, doe belanne it skot fan Kaltsas Nikos yn de krusing. 

Yn de 33ste waard it sels 0-3, Nikos tikte nei in foarset hurd binnen. Yn de slotfaze waard in bettere twadde helte fan Cambuur beleane, Delvechio Blackson kopte út in hoekskop de earetreffer tsjin de touwen.

Takom wike spilet Cambuur de earste kompetysjewedstriid fan it seizoen, tsjin VVV Venlo.
Opstelling SC Cambuur:
Nienhuis; Anderson, N'Toko, Bosz, Blackson; Bakker, Monteiro, van der Streek; Constancia (Hoefdraad), Hemmen (Barto), Gouriye.

Utslaggen SC Cambuur dizze tarieding:
DTD 0-4 SC Cambuur
SC Cambuur 1-0 FC Emmen
SC Cambuur 4-1 Telstar
Regioteam Koatstertille 0-5 SC Cambuur
SC Cambuur 5-0 FC Den Bosch
SC Cambuur 0-3 Almere City
SC Cambuur 0-0 Altinordu SK
SC Cambuur 1-3 FC Asteras Tripolis

Trefwurden: 
SC Cambuur fuotbal Epe
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)