Goud foar Manon Kamminga op EK yn Heerde

© awfoto.nl
Manon Kamminga fan Haulerwyk, Irene Schouten fan Andijk en Bianca Roosenboom fan Kampen hawwe freed goud pakt op de ôflossing foar froulju op it Europeesk kampioenskip inlineskaten yn Heerde. Mei dizze oerwinning op de 5 kilometer lange ôflossingskoers helle it trio it earste goud foar de Nederlânske senioareploech.
Earder op de dei hellen Maya de Jong fan Haulerwyk en Marijke Groenewoud fan Hallum mei Anna van de Bos fan Oost-Knollendam goud op de ôflossing foar de junioaren B. De froulju hellen earder op itselde ûnderdiel ek goud op de baan.
Berber Vonk pakte by de junioaren A it sulver op de puntekoers en mei de ploech ek sulver op de ôflossing. Brûns wie der foar Gerrie van Lingen by de junioaren A op it ûnderdiel ien rûntsje.