Plysjekontrôles by Heech en Ysbrechtum, 67 boetes útdield

29 jul 2016 - 19:59

By kontrôles lâns de Alde Skatting yn Heech en de Ingenawei by Ysbrechtum binne freed 67 bestjoerders bekeurd foar te hurd riden. Der is op de Ingenawei in motorrider beboete dy't mei 150 kilometer yn it oere oer de dyk ried, wylst 70 kilometer it maksimum is. In automobilist helle 135 kilometer op it dykje. Op de Alde Skatting is 80 kilometer it maksimum. De grutste oertrêder ried hjir mei 115 kilometer foarby.

Trefwurden: 
kontrôle plysje boete
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)