Man út Drinte moat de sel yn foar oantaasting

© Omrop Fryslân
In ynwenner fan it Drintse Klijndijk moat twa en in heal jier de sel yn fanwege it oantaasten fan njoggentjin bern yn Fryslân en Drinte. Ek krijt de 50-jierrige man tbs mei betingsten oplein. De man makke syn slachtoffers yn Fryslân yn de simmer fan 2013, doe't er yn in klinyk yn Frjentsjer wenne. Hy ried syn slachtoffers klem mei syn scooter en betaaste har. It giet om famkes fan soms noch mar 10 jier âld.
Letter sette er syn praktiken troch yn Drinte. Ut ûndersyk docht bliken dat de man earnstige psychyske steurnissen hat. De man moat syn slachtoffers ek rom 7.000 euro fergoeding betelje.