Ekstra foarstelling Bonifatius

01 maaie 2012 - 16:34

De kaartferkeap foar de Bonifatiusmusical yn Dokkum rint sa goed, dat de organisaasje besletten hat twa ekstra foarstellings te hâlden. Dy komme boppe-op de acht foarstellings dy't al pland wienen. De ekstra foarstellings binne op sneon 9 en snein 10 juny.

De kaartferkeap foar Bonifatius de Musical is hjoed begûn op de webside. Meikoarten binne der ek kaarten te keap by winkels. Moarn begjinne de repetysjes foar de musical. Der binne ûnder oare rollen foar Richard Spijkers, Wieneke Remmers en Syb van der Ploeg.

Trefwurden: 
Bonifatius musical
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)