Ljouwert kiest oannimmer KWS foar fernijing Europaplein

© Omrop Fryslân, Aise van Beets
Oannimmer KWS is troch de gemeente útkeazen om it Europaplein yn Ljouwert te fernijen. It giet dan om it oanlizzen fan trije fytstunnels en in turbo-fersy fan de besteande rotonde. De ôfrûne wike waard der al foarwurk dien, sa as it ferlizzen fan kabels en liedingen. Op moandei 12 septimber begjint it echte wurk.
It Europaplein bliuwt dan safolle mooglik iepen, it sil allinne in pear wykeinen ôfsletten wurde. De oannimmer hat it wurk krigen nei in Europeeske oanbesteging. Dat wurk moat ein 2017 klear wêze.