Seis moannen sel foar Ljouwerter om besit berneporno

29 jul 2016 - 15:25

In 40-jierrige Ljouwerter hat seis moannen selstraf krigen, wêrfan fiif ûnder betingst, foar it yn besit hawwen fan berneporno. Dêrneist krige er in wurkstraf fan 240 oeren oplein. De straf is gelyk oan de eask fan it Iepenbier Ministearje. De Ljouwerter sammele de berneporno fan begjin 2014 oant april 2015 en ruile de foto's mei in ynternetfreon yn Brabân.

Fia dizze freon kaam de plysje de Ljouwerter op it spoar. De Ljouwerter hie 641 foto's en 354 films mei de ferbeane porno op syn kompjûter stean. Hy moat yn syn proeftiid yn behanneling.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)