FIDEO: Yn 'e loftballon mei 360 graden útsjoch
Op De Jouwer binne de 31e Ballonfeesten yn folle gong. In grut ferskaat oan kleurige ballonnen sweeft yn de loft boppe Fryslân. Ek de Omrop woe ús provinsje ris fan boppen besjen en makke fan ûnder de wolken in 360 graden opname. Besjoch de fideo hjirûnder. Wolst de fideo op dyn smartphone of tablet sjen? Klik dan hjir om de fideo yn de YouTube-app te sjen.