Fervewinkel Aldegea slút nei 42 jier

De fervewinkel fan Aldegea (Smell.) slút de doarren. Eigener Trudy Kuipers stie 42 jier lang yn de winkel. Freed giet de winkel ticht. De ferve makke yn de rin fan de jierren hieltyd mear plak foar kaarten en Fryske boeken, boppedat krige de winkel de funksje fan postagintskip. Al dy jierren yn de winkel betsjut fansels in soad kontakten en ferhalen, want Trudy Kuipers wie faak in lústerjend ear foar har doarpsgenoaten.
It ôfskied soarget foar mingde gefoelens by frou Kuipers. Se fielt bliidskip en fertriet dat it nei 42 jier ôfrûn is mei har winkel.