Ynbrekkers supermerk Droegeham oppakt

29 jul 2016 - 11:05

De plysje hat tongersdeitenacht twa minsken oanholden foar in ynbraak yn in supermerk yn de Buorren yn Droegeham. It giet om in 28-jierrige man út Wanssum en in frou fan 33 jier út Papendrecht. Sy wisten fan it dak yn de supermerk te kommen.

Fia it alarmsysteem krige de plysje in melding dat der ynbrutsen waard. In meiwurker fan de winkel dy't ek warskôge wie, seach by oankomst by de supermerk in fertochte auto stean en notearre it kenteken. De auto waard eefkes letter werom fûn op de Tillewei.

De twa fertochten binne meinaam nei it plysjeburo. De plysje slút net út dat der mear minsken belutsen wiene by de ynbraak. It is noch net bekend oft der wat stellen is út de supermerk.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)