Mei de boskwachter op bargejacht

29 jul 2016 - 10:35

Der binne bargen sjoen yn de bosk by Nijhoarne. Gjin wylde, mar gewoane grutte bargen. Wat dogge se dêr, wêr komme se wei en fan wa binne se? Boskwachter Roel Vriesema fan Steatsboskbehear wol it graach witte, meldt er op Twitter. It giet om de bosk Grote Kiekenberg, tusken Nijhoarne en Aldeberkeap.

It is noch net dúdlik oft de bargen yn de bosk dumpt binne. Neffens Vriesema komt it foar dat minsken yn de fakânsjetiid harren húsdier yn de bosk efterlitte. Of dat mei dizze bargen ek in gefal is, moat bliken dwaan.

Yntusken hat de eigener fan de losrinnende bargen yn de bosk by Nijhoarne him melden. De boer is sommearre om de bargen wer út de bosk te heljen.

Trefwurden: 
bargen Roel Vriesema
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)