Auto botst op beam yn Akkrum

29 jul 2016 - 07:04

Yn Akkrum is tongersdeitejûn in bestjoerder ferwûne rekke by in iensidich ûngelok. De bestjoerder botste op de Ljouwerterdyk troch noch ûnbekende oarsaak mei syn auto tsjin in beam. In ambulânse hat de ferwûne persoan nei it sikehûs brocht.

In berger hat de swier skansearre auto fuortsleept.

Trefwurden: 
ûngelok Akkrum Ljouwerterdyk
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)