Ferwûne en in soad blikskea by ûngelok Surhústerfean

29 jul 2016 - 06:49

By in ûngelok yn Surhústerfean is tongersdeitejûn in 19-jierrige autobestjoerder fan De Harkema ferwûne rekke. Op de Dellen rekke de auto út de bocht, waard lansearre troch in stoeprâne en fleach oer de de kop boppe-op in oantal parkearde auto's.

De persoan siet klem yn de auto en moast troch de brânwacht befrijd wurde. Ek in ambulânse en in traumahelikopter kamen nei it ûngelok om help te ferlienen. De bestjoerder rekke ferwûne oan syn holle en is mei spoed nei it sikehûs fan Drachten brocht. It is noch net dúdlik hoe't er der oan ta is.

Alkohol

By it ûngelok rekken fjouwer auto's skansearre, wêrfan twa sa bot beskeadige binne dat se ûnbrûkber wurden binne. By in alkoholtest die bliken dat de Harrekyt tefolle dronken hie.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)