Autohannel ferkeapet folle mear bedriuwsauto's

2016 liket in goed jier te wurden foar de autohannel. Benammen de ferkeap fan bedriuwsauto's sit yn de lift. Bedriuwen dy't de ôfrûne jierren langer trochrieden mei in wat âldere disel, keapje wer folle faker in nije bedriuwswein. Yn Nederlân waarden yn juny sa'n 8800 nije bedriuwsauto's registrearre. Dat is hast 23% mear as yn juny ferline jier.
Ek yn Fryslân kinne de garaazjes goed fernimme dat de ferkeap fan bedriuwsauto's oanlûkt. Nei jierren fan útstel keapje ûndernimmers wer folle faker nije bedriuwsweinen.
Undernimmers dogge dat ek omdat de nijste generaasje bedriuwsauto's in skjinnere motor hat as de âldere auto's. Ek is der hieltiid mear belangstelling foar elektryske en hybride bedriuwsauto's. Foaral foar bedriuwen dy't net al te grutte ôfstannnen ride kin dat nijsgjirrich wêze. De ferkeap fan bedriuwsauto's wurdt ek bot stimulearre troch de skerpe oanbiedings fan ferskate automerken as it giet om de finansiering fan de auto.