Sonken wenark yn Terherne lang om let boppe wetter helle

28 jul 2016 - 19:35

De wenark dy't ferline wike yn de Meinesleat by Terherne sonk, is wer boppe wetter helle. Tongersdeitemiddei is de wenboat mei in grutte driuwende kraan nei boppen takele. De problemen mei de wenark ûntstiene doe't de boat ferline wike sleept waard. De ûnderste ferdjipping ferdwûn hielendal ûnder wetter.

De berging waard fanwege ûnderhannelings mei de fersekering in pear kear útsteld. De farwei is wer frij-jûn.

Trefwurden: 
wenark Terherne
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)