Marijke Groenewoud fan Hallum pakt goud op EK inlineskaten

28 jul 2016 - 18:41

Marijke Groenewoud fan Hallum hat tongersdei goud wûn op it Europeesk kampioenskip inlineskaten yn Heerde. Sy die dat yn de ôffalkoers op 'e dyk oer 15 kilometer by de junioaren B. Nei in soad kopwurk fan har teamgenoate Anna van den Bos bleaune der yn de finale twa Nederlânske en trije Italiaanske rydsters oer.

Marijke Groenewoud wist úteinlik har Italiaanske kollega's yn de einsprint foar te bliuwen.

Berber Vonk fan Appelskea wûn sulver yn de ôffalkoers by de junioaren A. Se moast de Dútse Larissa Gaiser foar har litten, Veronica Luciani pakte it brûns.

Manon Kamminga fan Haulerwyk helle úteinlik sulver by de ôffalkoers by de froulju. It like der earst op dat se krekt neist it poadium einige achter Francesca en Giulia Lollobrigida en de Belgise Sandrine Tas. Mar de sjuery bepaalde dat de beide Italiaanske froulju diskwalifisearre waarden en dat betsjutte goud foar de Belgise en sulver foar de Friezinne.

Earder op de Europeesk kampioenskip waard Marijke Groenewoud twadde op de 500 meter, fjirde op de 5 km puntekoers en fjirde op de 300 meter. Mei Anna van den Bos en Maya de Jong pakte se it goud op de ôflossing. Dit wiene ûnderdielen op de baan.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)