Selstraf foar blokkade-ynrider

In frou (23) út Hallum is troch de Ljouwerter rjochtbank feroardiele ta 20 moanne selstraf wêrfan 8 ûnder betingst foar it ynriden op twa plysjes. Ien stie op dat stuit neist in plysje-auto en koe noch krekt fuortspringe.
De frou ried yn jannewaris by in wylde achterfolging yn op in plysjeblokkade dy't opset wie yn Aldegea Smellingerlân. De achterfolging ûnstie yn Ljouwert doe't plysjes har fan de dyk ôfhelje woene fanwege gefaarlike rydgedrach. De straf is in heal jier koarter as de eask fan it Iepenbier Ministearje.
It feit dat de frou psychyske klachten hat en fermindere tarekkeningsfetber is, spilet in rol by it legere fûnis.