Plysje De Jouwer siket minsken dy't slachtoffer holpen hawwe

28 jul 2016 - 17:44

De plysje fan De Jouwer siket driuwend nei de minsken dy't woansdeitenacht it slachtoffer fan in swiere mishanneling nei it plysjeburo brocht hawwe. De 22-jierrige Jouster waard fannacht troch trije manlju mishannele. Hy waard meardere kearen tsjin de holle slein.

De plysje hat ûndertusken ien fan de fertochten - in 25-jierrige Jouster - oanhâlden en siket noch nei de oare beide fertochten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)