Omstanners helpe de plysje by in oanhâlding op It Fean

Omstanners holpen de plysje © B. Bos
Omstanners ha de plysje op It Hearrenfean tongersdeitemoarn holpen by it oanhâlden fan in man sûnder fêst wenplak. De swalker lei te sliepen tsjin de gevel fan in winkel oan de Lindegracht.
Doe't plysjes de man oansprutsen reagearre de man agressyf en ferwûne himsels. Mei help fan omstanners krigen de plysjes de man gau ûnder kontrôle en koe hy meinaam wurde nei it buro. De plysje wie tige te sprekken oer de help fan de omstanners: "Zo kan het ook!".