Frjentsjerter (71) fjouwer jier de sel yn foar wurgjen frou

28 jul 2016 - 13:51

In 71-jierrige man út Frjentsjer moat fjouwer jier de sel yn fanwegen deaslach op syn frou. Dat hat de rjochter tongersdeitemiddei bepaald. De frou waard yn febrewaris dea fûn yn har hûs. De man hat tajûn dat hy mei har fochten hat, mar seit net te witten hoe't se om it libben kaam is. Neffens it plysjerapport is se wurge.

Tsjin de man wie fiif jier selstraf easke. De straf is in jier leger, omdat neffens de rjochter de kâns op werhelling lyts is en de man mar foar in part tarekkenber is. Ek is der rekken hâlden mei syn hege leeftiid.

Trefwurden: 
Frjentsjer deaslach
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)