Tbs mei twangferpleging foar opblazen flat Drachten

De rjochtbank yn Ljouwert hat de 47-jierrige Drachtster dy't ein desimber syn flat oan de Nachtegaalstrjitte opblaasde, feroardiele ta tbs mei twangferpleging. Dat komt oerien mei de eask fan it Iepenbier Ministearje. Neffens de rjochter wie de man folslein ûntarekkenber doe't er de eksploazje feroarsake. Dêrom krijt er fierder gjin selstraf.
De Drachtster sette yn syn appartemint de gaskraan iepen, wêrnei't der in ûntploffing ûntstie. Tolve wenningen stoartten yn en nochris seis apparteminten waarden ûnbewenber ferklearre.
Stim fan God
By de behanneling fan de saak fertelde de man dat er de stimmen fan God en syn ferstoarne mem hearde. Hy woe in rubberboat mei gas folle om nei syn mem yn de himel te farren, sei er. Yn syn appartemint hong in grutte gaswolk doe't er syn wettersieder út it stopkontakt helle. Dat feroarsake nei alle gedachten de ûntploffing.
Bewenners fan de flat hawwe yntusken nije wenromte fûn. De flat yn Drachten wurdt opnij opboud, sa hat wenninkoöperaasje Accolade besletten.