Untwerp taalpaviljoen Ljouwert bekend makke

It arsjitekteburo Powerhouse Company út Rotterdam sil it taalpaviljoen bouwe by de Aldehou yn Ljouwert. Deputearre Sietske Poepjes makke dat tongersdei bekend. It ûntwerp fan it buro is keazen út seis plannen. In sjuery ûnder lieding fan ryksboumaster Floris Alkemade hat him oer de ûntwerpen bûgd.
Neffens deputearre Poepjes litte de tekeningen fan Powerhouse Company in sfearfol gebou sjen dat past op it Aldehoustertsjerkhôf. "It gebou is fan dizze tiid en strielet út dat der binnendoar écht wat te ûnderfinen is'', sei de deputearre.
Blikfanger KH2018
It taalpaviljoen moat ien fan de blikfangers wurde fan Kulturele Haadstêd 2018. Doel is om begjin takom jier te begjinnen mei de bou. It taalpaviljoen is ûnderdiel fan it projekt Lân fan Taal. Dêryn draait it om it Frysk, meartaligens en taalbelibbing.