Sintrale As 7 oktober iepen foar ferkear

De Sintrale as © Omrop Fryslân, Joris Kalma
De Sintrale As giet op freed 7 oktober iepen foar it ferkear. De folsleine fjouwerbaansdyk fan noard, Dokkum, nei súd, Nyegea, is dan klear foar gebrûk. De wurksumheden gean nei 7 oktober noch wol troch. It giet dan bygelyks om it pleatsen fan ferljochting en it ôfmeitsjen fan de bermen. Ein dit jier moat de rûnwei om Hurdegaryp ek klear wêze.
Der binne noch ferskate aktiviteiten om te fieren dat de Sintrale As klear is. Yn it akwadukt yn Burgum wurdt in iepenloftspul opfierd, der is in sportevenemint en in 9 kilometer lange hannelsrûte op de Sintrale As, mei in grut ferskaat oan kreamkes, muzyk en teater.