Jouster (25) oppakt foar swiere mishanneling

© Omrop Fryslân
De plysje hat woansdeitenacht in man fan 25 jier fan De Jouwer oanholden foar swiere mishanneling. Op de Sinnebuorren hie er mei noch twa oare manlju in 22-jierrige Jouster meardere kearen op de holle slein. It slachtoffer rekke ferwûne, mar wist dochs by it plysjeburo te kommen. Dêr is er troch ambulânsepersoniel behannele en dêrnei nei it sikehûs op It Hearrenfean brocht.
De plysje is noch op syk nei de twa oare fertochten en ûndersiket de saak.