Motorrider De Harkema ferstoarn nei ûngelok

De motor wurdt troch in berger út de groppe takele © AS Media
De 60-jierrige motorrider fan De Harkema dy't ôfrûne snein swier ferwûne rekke by in ûngelok yn syn wenplak, is woansdeitemiddei ferstoarn. Dat meldt de plysje.
De man gie op de Blauhústerwei krekt foar in rotonde ûnderút en bedarre yn in drûge sleat. Hy waard mei in ambulânse nei it sikehûs brocht. Dêr is er woansdei ferstoarn oan syn ferwûningen.