"Ballonfeesten moatte mear hoarekafeest wurde"

27 jul 2016 - 20:53

De Fryske Ballonfeesten op De Jouwer wurde oars fan opset. Dat waard woansdei bekend makke by de iepening fan de 31e Ballonfeesten. Fanwegen it mindere waar koene de 35 ballonnen pas oardel oare letter as it plan wie de loft yn, sawat om acht oere.

Neffens de organisaasje rêdst it tsjintwurdich net mear mei de ballonnen allinnich. Der moat in hoarekafeest by komme en dêrfoar wurdt gearwurking socht mei de hoareka yn de hiele gemeente De Fryske Marren. Der binne ek plannen foar in strânklup.

Trefwurden: 
ballonfeesten De Jouwer
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)