Utspraak yn deaslachsaak en saak-gaseksploazje Drachten

Rjochter © Omrop Fryslân
De rjochtbank yn Ljouwert docht tongersdei útspraak yn twa grutte saken. Alderearst is der de saak tsjin de 71-jierrige man út Frjentsjer dy't fertocht wurdt fan deaslach fan syn frou. Sy waard yn febrewaris dea fûn yn har hûs. De man hat tajûn dat er mei har fochten hat, mar seit net te witten hoe't se om it libben kaam is. Neffens it plysjerapport is se smoard.
De twadde saak is dy tsjin de man út Drachten dy't ferantwurdlik hâlden wurdt foar de gaseksploazje yn de flat oan de Nachtegaalstrjitte yn syn wenplak.
Troch de klap stoarte in diel fan de flat yn. De skea wurdt rûsd op 2,5 miljoen euro. It Iepenbier Ministearje hat tbs mei twangferpleging easke.